Produksje 2006

De Fagina Monologen

Eve Ensler


Yn de hjerst fan 2006 waarden ‘De Fagina Monologen’ fan Eve Ensler foar it earst yn it Frysk foar it fuotljocht brocht. Oan de foarstellings fan Sater wurken promininte fryske froulju mei. De monologen geane oer it djipste, it moaiste, it krêftigste dat froulju besitte. En dêr wurdt fierstente min oer praat. De ferhalen litte de kwetsberens èn de krêft fan froulju sjen. Easkje it rjocht op om de froulike seksualiteit te fieren.

Dat komt fansels it moaist oer yn je memmetaal.


Éarst docht bliken dat froulju net oer har fagina prate wolle, se wurde der ferlegen fan, fiele har beskamme. Mar as se de stap setten hawwe, dan hâlde se net mear op fan praten. Stikem wolle froulju graach oer har fagina fertelle. Hielendal om’t gjin mins der ea nei freget.’


Safolle froulju, safolle ferhalen. Ferhalen oer froulju dy’t fan har fagina hâlde, froulju dy’t der net nei sjen wolle, dy’t har sykje en froulju dy’t der net mear komme. Toanielgroep Sater hat de Fagina Monologen troch Agatha Hijlkema yn it Frysk oersette litten om se tichter by hûs te heljen. De fryske toanielferzje is úteinlik sà krêftich en werkenber wurden, dat Sater besletten hat om de ferhalen oer skientme, de krêft en de kwetsberens fan de frou, útjaan te litten.

Dizze bondel is fia info@toanielgroepsater.nl noch te bestellen foar € 10,--


Yn desimber 2006 waard de yngripende monolooch ‘Myn Fagina, myn Doarp’ troch Anita Andriesen foardroegen yn skouboarch de Lawei yn Drachten.


Myn Fagina, Myn Doarp


Yn de Jûgoslavië-oarloch binne Bosnyske froulju ynterviewd dy’t dêr yn flechtlingesintra en kampen sieten. By wize fan systematyske oarlochstaktyk waarden yn midden-Europa tweintich- oant santichtûzen froulju ferkrêfte. It wie in shockearjende gewaarwurding dat hast net ien in finger útstuts om dêr in ein oan te meitsjen. Mar oan ‘e oare kant, yn Amearika, in lân dat net yn steat fan oarloch ferkeart, wurde jierliks mear as fiifhûnderttûzen frouju ferkrêfte.

Dize monolooch is basearre op it ferhaal fan ien frou. Krekt as in soad fan de oare froulju dy’t ûnderfrege binne, wie sy ek Moslim. Foar de oarloch hie ferkrêfting yn har kultuer noait oan ‘e oarder west. Wy dogge dit foar dizze en al dy oare bysûndere froulju yn Bosnië en Kosovo.


Myn Fagina, myn Doarp


Myn fagina wie grien, wetter sêft, rôze fjilden, ko âlet, sinne hast ûnder, leave jonge streaket sêft mei ljocht topke strie. Eat tusken myn skonken. Ik wit net wat it is. Ik wit net wêr’t it sit. Ik kom der net oan. No net. Net mear. Sûnt dy tiid net mear. Myn fagina keuvele mar troch, kin net wachtsje, sa folle, safolle sizze, wurden útsprekke, besiket hieltyd mar wer, seit mar wer, ‘o ja, o ja’.


Net mear sûnt ik dream dat der fan ûnderen in dea bist mei dikke swarte fisktried ynnaaid sit. En dy smoarge kadaverlucht dy’t ik net fuortkrij. En syn kiel is trochsnijd en hy bliedt troch al myn simmerjurken hinne.


Myn fagina sjongt famkeslietsjes, alle geitebellen-rinkelje-lietsjes, al dy bluisterige hjerstige fjildlietsjes, faginalietsjes, faginalietsjes fan thús.


Net mear neidat de soldaten in grut swier gewear yn my stutsen. Sa kâld, dy stielen loop dy’t my it hert omdraait… Ik wit net oft se it ôffjurje sille, dwers troch myn kolkjende brein. Seis man sterk, meunsters fan dokters mei swarte maskers, stekke ek flessen yn my. En ek stokken en de útein fan in biezemstâl.


Myn fagina swimt rivierwetter, skjin wetter, skolperet súntsjes fan sinnebakte rots nei stiengrint, grintstientsjes hinne en wer.


Net mear nei’t ik myn hûd skuorren hearde en skrille spûkachtige lûden útstjitte, net mear nei’t ik in flarde fan myn fagina yn ‘e hân hold. In stik fan myn skamlippe, no is ien skamlippe hielendal fuort.


Myn fagina. In libben doarp oan it wetter. Myn fagina, de stêd dêr’t ik berne bin.


Net mear, neidat se om beurten, sân dagen lang, stjonkend nei stront en bedoarn fleis, har goare sperma yn my achterlieten. Ik feroare yn in rivier fol fergif en otter en de hiele rispinge mislearre en de fisken giene dea. Myn fagina, in libben doarp oan it wetter. Se foelen it oan. Se hawwe it útmoarde en ôfbaarnd.


Ik kom der net mear oan.


Ik kom der net mear.


Ik wenje no earne oars.


Ik wit net wêr’t dat is.

Fagina Monologen
Foarstelling 2013Foarstelling_2013.html
Wat dogge wyWat_dogge_wy.html
Wa binne wyWa_binne_wy.html
JildsjittersJildsjitters.html
ReservearringsReservearrings.html
MuzykMuzyk.html
Kontaktkontakt.html
NijsNijs.html