Produksje 2008

It Goede Lichem

Eve Ensler


Foto’s foarstelling


‘It Goede Lichem’ is it ferfolch op ‘de Fagina Monologen’.

Mar ‘It Goede Lichem’  giet fierder, djipper. Yn ‘de Fagina Monologen’ gie it benammen om it beneamen. ‘It Goede Lichem’ giet oer de akseptaasje fan it eigen lichem.

Yn dizze foarstelling stiet Eve Ensler sels sintraal en fertelt se har ferhaal.

Eve is nammentlik net gelokkich mei har eigen liif. Se fynt har búk te grou, fiersten te grou. Se docht al jierren oan ‘de lijn ‘, is in trochrinnend lid fan de sportskoalle en sjocht mei ôfgeunst nei al dy slanke barbypoppen om har hinne, oant se op in punt komt dat se dat net langer wol. Se wol leare om fan har lichem te hâlden, dêrom harket se nei ferskate froulju rûnom oer de wrâld, dy’t fertelle oer skientme, oer memmen, oer skientmenoarmen, oer plastyske sjirurgy, oer eangsten en oerwinnings. Harren ferhalen binne werkenber, hilarysk, fertrietlik en boppe alles, wier.


Sater wol mei ‘It Goede Lichem’ sjen litte dat froulju moai binne, krekt omdat se net allegearre op inoar lykje, net allegearre maatsje 36 hawwe, net allegearre strak en glêd binne. Sater wol mei har foarstelling dúdlik meitsje dat it net sa bot om in moai lichem giet mar mear om in goed lichem.


Us lichem is ús lân, de iennige stêd, it iennichst doarp, it iennige alles dat we oait kenne sille.


Ik noegje dy út om mei te gean, net langer te besykjen wat of immen oars te wêzen as datst bist. Fertel de imagospesjalisten, blêdemakkers en plastyske sjirurgen mar datst net bang bist. Dat it slimste dat dy oerkomme kin, de dea is fan de ynbylding, de orizjinaliteit, de humor en de passy. Wês krigel en hâld fan dyn liif, dokterje der net mear mei om. Der hat noait wat mis mei west.


Krekt as by de ‘Fagina Monologen’ woenen wy ek dizze kear wat ekstra’s oan de produksje taheakje. By ‘it Goede Lichem’ moast it wat wurde dat by de tematyk fan it toanielstik paste. Nei  in jûntsje harsesskrabjen ûntstie it idee foar it glossy magazine  ‘LIIF’ . It waard in útjefte foar ien kear yn gearwurking mei Migg Media Producties. It is in tiidskrift wurden wêrby’t de puere inerlike skientme fan de frou te sjen is sûnder fotosjopte plaatsjes.

Yn it tiidskrift steane ynterviews en artikels fan bekende en minder bekende fryske en nederlânske manlju en froulju. Adelheid Roosen seit yn har ynterview: “De krêft fan it froulike sit yn de rûningen. It soe moai wêze as wy, froulju, wat faker stil steane by ús krêft, by dat wat goed is en ris wat minder enerzjy stopje yn datjinge dat minder goed of moai is.”


Op 21 novimber 2008 hat Sater it earste eksimplaar yn Museum Belvedère oerlange oan Catherine Keyl.


Der binne noch ‘LIIF’- tiidskriften te krijen. Tsjin ferstjoerskosten stjoere wy jo graach in eksimplaar op. info@toanielgroepsater.nl

It Goede Lichem

Mei it toanielstik “Oan de oare kant fan dit libben” wol Sater minsken bewust meitsje fan

de konsekwinsjes fan boarstkanker en benammen it ûnderwerp út de taboesfear helje.


De tema’s dy’t oan ‘e oarder komme binne:

eangst, ferwachtings, teloarstellings, frou wêze, siik wêze, krêft en it libjen.

It stik is werkenber mar boppe alles, fielber!

Wy wolle ús publyk in weardefolle teaterjûn besoargje oer in gefoelich ûnderwerp.

Foarstelling 2013Foarstelling_2013.html
Wat dogge wyWat_dogge_wy.html
Wa binne wyWa_binne_wy.html
JildsjittersJildsjitters.html
ReservearringsReservearrings.html
MuzykMuzyk.html
Kontaktkontakt.html
NijsNijs.html