Nijs

Parseberjocht Toanielgroep Sater

Premjere toanielstik: Truth or Dare (Fryske foarstelling)


Auteur:        

Oersetter:

Regisseur:

Spilers:        

Muzikanten:


Spyldata:

freed 25 jannewaris: Lawei Drachten (première)

sneon 26 jannewaris: Harmonie Leeuwarden

sneon 2 febrewaris: Dorpshuis Mantgum (uitverkocht)

sneon 9 febrewaris: Spylder Warns

sneon 16 febrewaris: Skans Gorredyk


Kaarten:

12,50 it stik - te reserveren fia: www.toanielgroepsater.nl


Truth or Dare


“Werkenber, oerdwealsk en skerp as in mes.’


Se binne om ‘e fjirtich hinne en sitte op in kearpunt.

Trije froulju dy’t nettsjinsteande harren súksesfolle bestean – sa liket it alteast – fol fan karrière, bern en it leauwen yn eigen kinnen, yn in midlifekrisis bedarje. Hoe kin soks no?


Yn in weromsjoch wurdt dúdlik hoe’t it spultsje fan de wierheid ‘truth or dare’, geheimen bleatleit út it ferline fan alle trije. In affêre dy’t ferswijd waard, in man dy’t benammen de soarchseme kant fan syn frou opeasket, in winsk om op lettere leeftiid in bern hawwe te wollen, it binne foarfallen dy’t soargje foar in brek yn it fredige bestean fan Tineke, Marel en Carolien.


It publyk treft dy sterke, hiel ferskillende froulju oan yn harren kwetsbere perioade. It is dien mei it feest en se moatte in nij libben opbouwe mei harren sels as haadpersoan. Yn de flashback sjogge wy hoe’t de trije froulju by inoar komme om in reuny fan harren âlde fakulteit ta te rieden. Se helje ferhalen út it ferline op en litte elkoarren sjen hoe’t it der no yn harren libben om en ta giet. Mar foardat wy it yn ‘e gaten hawwe binne wy as publyk belutsen by in gefaarlik spul wêrtroch it brekpunt fan dizze fjirtigers oan de oerflakte komt.


It stik giet oer relaasjes, ferantwurdlik wêze, ferwachtingen hawwe, oer ridlik lokkich wêze, mar dochs langst hawwe nei mear. De teksten binne humoristysk en fol myld synisme en it gehiel wurdt oanklaaid mei live muzyk dy’t de sfear fan it stik fersterket.

Joke van Balen

Agatha Hylkema

Janneke Kingma

Margriet Jorna, Joke Kuperus, Joke van Balen

Hans Haan, Willem Kingma, Martijn Heeg, Bolke van den Berg

Foarstelling 2013Foarstelling_2013.html
Wat dogge wyWat_dogge_wy.html
Wa binne wyWa_binne_wy.html
JildsjittersJildsjitters.html
ReservearringsReservearrings.html
MuzykMuzyk.html
Kontaktkontakt.html
Nijs

20.30 uur

20.30 uur

20.30 uur

20.30 uur

20.30 uur