Produksje 2010

Oan de oare kant fan dit libben

Albertina Soepboer



Toanielgroep Sater - Oan de oare kant fan dit libben -


Wat bart der mei dy ast te hearren krijst datst boarstkanker hast?


Toaniel –

It set dyn libben op ‘e kop. Alles dat foar dy belangryk like te wêzen, is it net. Dyn wurk, dyn ôfspraken, dyn hûs, dyn jild.

Yn it stik  ‘Oan de oare kant fan dit libben‘ krijt Katja te hearren

dat se siik is. Se rydt nei hûs en rûkt de maitiid yn ‘e loft wylst de oare kant fan dit libben har talaket.


Katja en de minsken dy’t fan har hâlde, sjogge fuortendaliks út in oar perspektyf nei harren eigen libben. Se tinke nei oer de reizen dy’t se noch meitsje wolle, de bergen dy’t se beklimme wolle, de leafde dy’t se noch net libbe en belibbe hawwe.


Wêrom hawwe se altyd sa bang west?

En wêr binne se eins bang foar?

Wêr draait it yn it libben no úteinlik om?

‘Oan de oare kant fan dit libben‘ giet net oer deagean mar oer it libben libje.


Skriuwer:    Albertina Soepboer

Rezjy:        Janneke Kingma

Muzyk:       Hans Haan

Oan de oare kant fan dit libben
Foarstelling 2013Foarstelling_2013.html
Wat dogge wyWat_dogge_wy.html
Wa binne wyWa_binne_wy.html
JildsjittersJildsjitters.html
ReservearringsReservearrings.html
MuzykMuzyk.html
Kontaktkontakt.html
NijsNijs.html