Wa binne wy

Sater makket al sûnt 1998 op in eigensinnige en krêftige wize toaniel.

De teatergroep bestiet út in lytse ploech minsken dy’t neist harren wurk op in heech nivo en mei passy toaniel en muzyk meitsje en dat fertaalt har yn moaie, unike en súksesfolle produksjes sa as de fryske ‘Fagina Monologen’  en ‘It Goede Lichem‘, beide fan Eve Ensler. Mar ek lytse produksjes lykas ‘Yerma‘ fan Garcia Lorca en ‘Who’s afraid of Virginia Woolf ‘, lutsen jierren tebek al de oandacht fan it fryske publyk en de parse. Sietse de Vries, sjoernalist fan de Ljouwerter Krante, neamt Sater net foar neat ien fan de meast nijsgjirrige stjerren oan de toanielhimel.


Mear as dat

Sater makket net allinne toaniel mar docht noch folle mear. Sater wol de dialooch oangean mei har publyk en docht dat op har eigen, oertsjûgjende wize. Sater bringt minsken yn beweging. Sa hat Sater in pear jier lyn in ferhalebondel útbrocht, keppele oan de foarstelling ‘De Fagina Monologen‘. En by de foarstelling  ‘It Goede Lichem‘  kaam Sater mei de útjefte fan in eigen glossy magazine; ‘LIIF‘. Sater wol de minsken neitinke litte oer de waansin om de hearskjende skientmenoarmen hinne, oer seksuele taboes, oer leafde en no dan oer boarstkanker. Want no makket Sater in muzyk-CD mei prachtige lietsjes oer leafde, iensumens en benammen oer krêft en libjen.


Toanielgroep Sater is:


Rezjy:

Janneke Kingma


Spyljen:

Joke van Balen, Margriet Jorna en Joke Kuperus


Muzyk:

Bolke van den Berg (saksofoan)

Martijn Heeg (komponist, basgitaar)

Hans Haan (komponist, keyboard, piano, gitaar)

Willem Kingma (drums)


Oersetster:        Agatha Hijlkema

P.r.:                    Agmar van Rijn

Administr:         Joke Kuperus

Webûntwerp:    Bolke van den Berg

Technyk:         Frederik, Bart 

Foarstelling 2013Foarstelling_2013.html
Wat dogge wyWat_dogge_wy.html
Wa binne wy
JildsjittersJildsjitters.html
ReservearringsReservearrings.html
MuzykMuzyk.html
Kontaktkontakt.html
NijsNijs.html